SC Cambuur lit tosken sjen, mar ferliest wol fan PSV

23 sep 2015 - 00:03
  • Calvin Mac-Intosch

SC Cambuur kaam yn de bekerstriid tsjin lânskampioen PSV sterk werom nei in 2-0 efterstân by it skoft. Locadia en in eigen goal fan Kai Heerings betsjutte 2-0 foar thúsploech PSV. PSV sette net troch en Bartholomew Ogbeche mei in folly en út in strafskop sette de Ljouwerters op likense hichte. Doe hie Cambuur trochsette moatten. Troch in oertreding fan Calvin Mac-Intosch op Luuk de Jong mocht dy lêste ek in penalty nimme. Dat brocht Eindhoven de 3-2 oerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)