SC Cambuur lit punten lizze

06 des 2008 - 11:08
  • Danny Guijt mist in soad kânsen

SC Cambuur is der freedtejûn net yn slagge om de topper tsjin Excelsior te winnen. De wedstriid einige sa't dy begûn: 0-0. Cambuur krige in protte kânsen, benammen yn de persoan fan Danny Guijt, mar slagge der net yn te skoaren.

Oan de oare kant krige ek Excelsior mooglikheden, mar keeper Peter van der Vlag koe syn goal skjinhâlde. In kertier foar tiid krige Voskamp fan Excelsior read. Fan de man-mear sitewaasje koe Cambuur net profitearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)