SC Cambuur leit talinten fêst

02 maaie 2012 - 14:11
  • SC Cambuur

Sportklup Cambuur hat twa talinten út de eigen oplieding langer fêstlein. It giet om Frits Dantuma en Alim Öztürk. Beide spilers binne 19 jier en makken dit seizoen foar it earst diel út fan de Cambuurseleksje. Se hawwe harren goed ûntwikkele en tekenje foar ien jier by, mei in opsje foar noch in jier.

Oan de oare kant nimt Cambuur ôfskie fan tredde keeper Kevin van der Meulen. Hy makke al twa jier diel út fan de seleksje, mar keepte gjin wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)