SC Cambuur leit junioaren fêst

19 des 2008 - 23:36

Sportklub Cambuur hat twa B-junioaren foar trije jier fêstlein. It giet om Bob Schepers fan Ljouwert en Sicco Bouwer fan Drachten. Beide jonges binne 16 jier en wurde sjoen as grutte talinten.

Schepers is linkerspits en spile yn it ferline foar Blau Wyt '34 út Ljouwert. Bouwer komt oarspronklik fan De Rottefalle en spile dêr by de pleatselike VV. Beide B-junioaren traine nei de winter op moandei mei de earste seleksje fan Cambuur mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)