SC Cambuur krijt oergongs-rfk

05 jan 2011 - 22:20

Sportklup Cambuur krijt in oergongs-ried fan kommissarissen. Dy sil bestean út ûngefear sân man, wêrûnder ynvestearder Ype Smid en fertrouwensman Jan Zeinstra. Dy lêste docht op dit stuit ûndersyk nei de ynfolling fan it bestjoer binnen de klup.

Foar 31 jannewaris moat der in tydlik bestjoer foarme wêze, dat letter dit jier in definitive foarm krijt. Ype Smid hopet dat der binnen no en in wike al mear dúdlikheid is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)