SC Cambuur krijt eigen belofteteam nei opstappen FC Grins

24 feb 2015 - 18:40

Fuotbalklup SC Cambuur hat fan it seizoen 2015/2016 ôf wer in eigen belofteteam. It alvetal giet ûnder de namme Jong SC Cambuur spyljen yn in beloftekompetysje bûten de fuotbalpiramide om. De ploech spilet op de moandeis yn it Cambuurstadion. Cambuur komt mei in eigen belofteteam, nei't FC Grins oanjûn hat mei yngong fan it nije seizoen mei in eigen belofteteam te kommen. De beide ploegen wurken al jierren gear. FC Grins wol him ynskriuwe foar de fuotbalpiramide.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)