SC Cambuur koprinner nei winst

29 aug 2008 - 22:36
  • Cambuur grutsk oan kop nei 3 wedstriden

SC Cambuur wûn freedtejûn mei oermacht fan FC Emmen. Nei in rêststân fan 3-0 waard it mar leafst 6-2 foar de Ljouwerters. Cambuur wie fierwei de bettere ploech en op twa mominten nei koe Emmen hielendal net gefaarlik wurde. De goals yn de earste helte kamen fan Van der Heide en Maachi (2). Yn de twadde helte skoarden Guijt, Ter Heide en nijeling Mark De Vries. Cambuur stiet no tegearre mei Excelsior oan kop yn de Jupiler League.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)