SC Cambuur kontraktearret Marvin Peersman

17 jun 2015 - 21:28
  • Marvin Peersman (links)

Sportklup Cambuur hat linksback Marvin Peersman fan FC Dordrecht kontraktearre. De 24-jierrige Belch tekenet in kontrakt foar twa seizoenen, mei in opsje foar noch in seizoen.

Peersman stie ferline jier fêst yn de basis by degradant Dordrecht en spile 26 earedivyzjeduels. Yn totaal spile er trije seizoenen yn Dordrecht. Dêrfoar spile Peersman yn België foar FC Antwerp en Beveren. Cambuur betellet gjin transfersom oan FC Dordrecht. It kontrakt fan Peersman rint dêr op 1 july ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)