SC Cambuur hurd ûnderút: 6-0

25 jul 2009 - 21:29

Sportklup_Cambuur hat it trainingskamp op Den Helder op teloarstellende wize ôfsletten. Der waard mei 6-0 ferlern fan Willem II. By it skoft wie de stân noch 0-0.

Nei it skoft rûn Willem II ienfâldich út nei 6-0 troch goals fan Zijler, Mourad (2), Waalkens (2) en Reniers. Stanley Menzo wie nei ôfrin hurd yn syn oardiel: "We hebben onszelf voor schut gezet", sa sei de trainer. De Cambuur-seleksje soe snein frij wêze mar ynstee dêrfan wurdt der no traind.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)