SC Cambuur hiert Koç fan Grins

27 jun 2010 - 21:25
  • Serhat Koç yn it shirt fan Grins

Sportklup Cambuur nimt Serhat Koç dit jier op hierbasis oer fan FC Grins. De oanfaller wurdt helle as ferfanger fan Ruud ter Heide dy't nei FC Emmen ferhuze is. De 19-jierrige Koç kaam by Grins net in soad oan spyljen ta. Hy spile dêr yn totaal 12 wedstriden, dêr't hy net yn skoarde.

Foardat Koç by Grins spile makke hy yndruk by FC Eindhoven, dêr't hy yn ien seizoen 18 kear skoarde. Sportklup Cambuur en FC Grins hawwe in gearwurkingsferbân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)