SC Cambuur hellet Tsjechysk talint Dominik Mašek binnen

08 jun 2015 - 19:46
  • Dominik Mašek

It is Sportklup Cambuur slagge om it Tsjechyske talint Dominik Masek nei Ljouwert te heljen. De 19-jierrige middenfjilder stiet foar de kommende twa seizoenen ûnder kontrakt, mei in opsje foar noch in seizoen. Mašek spile hjirfoar by it Dútske Hamburger SV.

Yn thúslân Tsjechië stiet Masek bekend as de jongste debutant ea. Op 15-jierrige leeftyd spile er al op it heechste nivo yn de Synot Liga. Dêr waard hy ta fjouwer kear ta útroppen ta grutste talint fan de kompetysje. Cambuur is bliid mei de nije oanwinst.

Technysk direkteur Henry van der Vegt tinkt dat Mašek in belangrike bydrage oan it team leverje kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)