SC Cambuur hat nije skout foar it finen fan fuotbaltalinten

23 nov 2015 - 19:50
  • SC Cambuur

SC Cambuur krijt der in nije skout by. It giet om de 48-jierrige Hans van Dijkhuizen. De skout trainer sil yn Ljouwert de koördinaasje fan it skouten op him nimme. Dêrneist sil er ek sels aktyf wêze as talintskout.

Van Dijkhuizen wie earder skout by PEC Zwolle, mar is benammen bekend as trainer yn it top-amateurfuotbal. Sa wie er trainer fan DOS Kampen, Nunspeet, Staphorst, Excelsior '31 en Genemuiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)