SC Cambuur hâldt nasjonaal alvetal Gana op 1-1

08 jan 2015 - 18:45
  • Cambuur-Twente

SC Cambuur hat tongersdei yn in oefenwedstryd tsjin it nasjonale alvetal fan Gana in goeie yndruk achterlitten. De Ljouwerters spilen yn Spanje mei 1-1 lyk. Daniel de Ridder makke de goal foar de Ljouwerters. De Ganezen binne op trainingskamp yn Spanje as tariding op de Africa Cup. Cambuur ferbliuwt mei it trainingskamp yn Portugal. Trainer Henk de Jong is tefreden oer it ferrin fan de wedstryd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)