SC Cambuur flink ûnderút

05 sep 2008 - 22:55

SC_Cambuur is freedtejûn yn it eigen stadion tsjin in dikke nederlaach oanrûn. FC Den Bosch wie mei 3-0 te sterk. Nei in skot fan ôfstân, in mistaast fan keeper Peter van der Vlag en in hiele rappe útfal fan Den Bosch, wie de einstân al binnen it heal oere bepaald. Cambuur besocht yn de twadde helte noch fan alles, mar doelpunten foelen der net mear.

Troch it ferlies is Cambuur de kopposysje kwyt yn de Jupiler League. De Ljouwerters steane no tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)