SC Cambuur fit foar topper

07 mrt 2010 - 13:09
  • Randy Rustenberg: wol of net spylje?

Sportklup_Cambuur is klear foar de topper tsjin De Graafschap. De seleksje is goed út de wedstriid tsjin Zwolle kaam. Boppedat komme Danny Guijt en Randy Rustenberg werom fan in skorsing. Oft dy beide ek spylje is noch ûnwis.

Ofgeande op de lêste training liket it derop dat Rustenberg wol spylje sil, ten koste fan Nuelson Wau. Dennis van der Ree ferhuzet yn dat gefal nei de rjochterkant. Op it middenfjild moat Menzo kieze tusken Beekmans of Guijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)