SC Cambuur ferplettert FC Oss

29 mrt 2010 - 22:08
  • Mark de Vries skoarde trije kear tsjin FC Oss

Cambuur hat moandeitejûn de wedstriid tsjin FC Oss yn eigen hûs mei 8-1 wûn. By rêst stie it 3-0 mei goals fan Nassir Maachi en twa kear Mark de Vries. Yn de twadde helte boude Cambuur de skoare fierder út nei 8-0 mei goals fan De Vries, Sandor van der Heide (2), Maachi en Reza Ghoochannejhad.

It publyk rôp doe al om de 'tsien', mar dat slagge net. Yn de 89e minút skoarde Peters de iennichste treffer foar FC Oss.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)