SC Cambuur ferliest oefenwedstriid fan Sparta Rotterdam

08 jan 2016 - 17:41

SC Cambuur hat freedtemiddei yn Portugal in oefenwedstriid ferlern tsjin Sparta Rotterdam. Yn de Algarve waard it 4-2 foar de Rotterdammers. By it skoft stie de ploech fan Henk de Jong al mei 2-0 achter.

Flak nei rêst makke Sparta de 3-0. Sander van de Streek die yn de 57e minút noch wat werom, mar nei de 4-1 koe in nederlaach net mear foarkommen wurde. Dominik Mašek makke flak foar tiid de 4-2 en sette dêrmei de einútslach op it boerd.

Darryl Lachman

By de Ljouwerters makke Darryl Lachman syn debút. De op hierbasis oerkommen ferdigener fan Sheffield Wednesday foel yn de twadde helte yn. 

De oefenwedstriid waard spile yn it grutte Estádio Algarve, dêr't it Nederlânsk alvetal op it EK 2004 yn de kwartfinale nei strafskoppen wûn fan Sweden. Cambuur fleant sneon wer werom nei Nederlân en hat dan in trainingskamp fan in wike yn Portugal der op sitten. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)