SC Cambuur ferliest oefenduel fan Kasimpasa

21 jul 2015 - 20:39
  • Cambuur-Twente

Sportklup Cambuur hat it oefenduel tsjin it Turkske Kasimpasa mei 2-1 ferlern. Cambuur stie yn it Eastenrykse Gallneukirchen lange tiid foar nei in betide goal fan nije oanwinst Berisha. Hy skeat al yn de 17e minuut Cambuur op foarsprong.

Yn de twadde helte makke Kasimpasa pas in kertier foar tiid de lykmakker. It lykspul like dermei wis, mar trije minuten foar it lêste fluitsinjaal gie it dochs noch mis foar Cambuur. Keeper Harm Zeinstra skeat de bal tsjin de fuotten fan oanfaller Sanharib Malki. De bal rôle dêrnei samar de eigen goal yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)