SC Cambuur ferliest mei 2-0 fan Vitesse

16 jan 2016 - 21:57
  • Darryl Lachman yn aksje

SC Cambuur hat de earste wedstriid nei de winterstop mei 2-0 ferlern fan Vitesse. Yn it eigen Cambuur stadion spilen de Ljouwerters yn de earste helte hiel goed, mar krige Vitesse de bêste kânsen. Dy waarden lykwols net benut. Al nei 3 minuten yn de twadde helte skoarde Vitesse wol. De goal kaam op namme fan Milot Rashica. Cambuur sette druk en hie ek in penalty fertsjinne, mar krige dy net. Yn de 90e minút makke Valeri Qazaishvili dien wurk mei in prachtige goal: 0-2. Cambuur is no wer foarlêste mei 13 punten út 18 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)