SC Cambuur ferliest fan Telstar

08 okt 2015 - 16:54
  • SC Cambuur

SC Cambuur hat woansdeitemiddei de oefenwedstriid tsjin Telstar mei 1-0 ferlern. De iennige goal fan de wedstriid foel yn de 89e minút. Fabian Serrarens makke in Telstar counter goed ôf. Yn de earste helte krige Telstar ek al twa moaie kânsen, mar keeper Nienhuis wist de nul te hâlden. Yn de twadde helte krige Cambuur fia Berisha (twa kear) en Steblecki moaie kânsen, mar beide faalden yn riante posysje. Henk de Jong wie der net. Hy is yn Portgual op syk nei in lokaasje foar in trainingskamp yn de winterstop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)