SC Cambuur en Wau útelkoar

29 des 2011 - 18:22

SC Cambuur en Nuelson Wau nimme ôfskied fan elkoar. Wau kaam al in skoft net mear foar yn de plannen fan de trainers en spile hast gjin wedstriden. Syn kontrakt, dat rûn oant de ein fan dit seizoen, is dan ek ûntbûn. Wau drukte mei syn hege salaris bot op it budzjet fan de klup. As ferfanger wurdt Dennis van der Wal op amateurbasis oan de seleksje taheakke. Ferline seizoen spile de rjochtsback ek al in heal jier foar Cambuur.
De komst fan oanfaller Vincent Weijl nei Ljouwert is foarearst noch net rûn. Syn Spaanske klup SD Eibar wol him mooglik net transferfrij gean litte.

Yn dat gefal kin Cambuur him net helje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)