SC Cambuur djipper yn de soargen nei ferlies fan Roda JC

19 mrt 2016 - 22:42
  • SC Cambuur koe it net oprêde tsjin Roda JC

SC Cambuur hat sneon yn eigen hûs mei 1-0 ferlern fan Roda JC. Yn de earste helte kamen beide ploegen net ta skoaren. Beide ploegen wienen oan elkoar weage, sûnder dat der grutte kânsen kamen. Fuort nei rêst skoarde Tom van Hyfte yn de 48e minút en sette de Ljouwerter fuotbalploech út it neat op achterstân. De organisaasje by Cambuur wie doe efkes fuort en dat waard ôfstraft.

Cambuur besocht dêrnei noch wol om op likese hichte te kommen. De oanfallers Furdjel Narsingh, Kevin van Veen en Xander Houtkoop kamen der yn mar skoarden ek net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)