SBS fergoedet ûnkosten

07 jan 2004 - 00:00

Stichting 'De Krobbe der út' hat 400 euro krigen fan de Sponsorloterij. Dat jild is foar de kosten dy't makke binne foar dielname oan it program De Trap. Yn dy spulshow op SBS6 kinne ferienings jild út de loterij winne.

Ynwenners fan Marsum soenen oan de show meidwaan, mar dat gie net troch om't it program fan it skerm helle is fanwegen minne sjochsifers. De Marsumers hienen al ûnkosten makke. De Sponsorloterij hat dy dus no fergoede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)