SBB wol jild foar eveneminten

19 des 2012 - 12:55

De gemeente Skylge hat soargen oer de takomst fan eveneminten op it eilân, omdat Steatsboskbehear tenei jild freegje sil foar it brûken fan natoergebieten. Dat soe gefolgen ha kinne foar de Fjoertoerkuiertocht en de Beareloop. Der binne ek soargen oer de bou fan de kampus fan de Maritieme Academie. It slagget net om it mei Steatsboskbehear iens te wurden oer de keap fan de grûn.

Steatsboskbehear tinkt dat dêr bejin takom jier oerienstimming oer berikt wurdt sil en dat it mei de kosten foar eveneminten ek wol los rinne sil.

Steatsboskbehear wol mei alle organisaasjes om tafel om te sjen hoe't de kosten fan de natoerorganisaasje betelle wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)