SBB siket help op Flylân

31 des 2011 - 10:57

Steatsboskbehear op Flylân siket eilanners dy't meihelpe wolle oan it yn stân hâlden fan syn besittings. It giet bygelyks om snoeiwurk, it ûnderhâlden fan bankjes of it oprêden fan omtoarkjend ôffal.

It doel is dat de eilanners in taak op har nimme en dy selstannich útfiere, Steatsboskbehear soarget dan foar it materiaal dat nedich is. Heal jannewaris kinne belangstellenden nei in ynformaasjebyienkomst oer it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)