Savic rint mei by SC Cambuur

22 aug 2013 - 12:50

Stefan Savic traint de kommende dagen op proef mei by Sportklup Cambuur. De 19-jierrige Eastenriker rûn earder fan 't simmer staazje by Sportklup Hearrenfean. Marco van Basten wie te sprekken oer Savic, mar Hearrenfean hie twifels oer de transferfrije status fan de oanfaller.

Neffens Mark de Boer, dy't de belangen fan Savic behertiget, is de spiler wol deeglik transferfrij. 'Red Bull Salzburg, de vorige club van Savic, claimt nog rechten te hebben. Maar zijn contract daar is afgelopen. Dat is ook bevestigd door de Oostenrijkse voetbalbond.'

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)