Sausfabrikant Oliehoorn iepenet fêstiging yn Drachten

01 feb 2016 - 11:36
  • Oliehoorn webside

Sausfabrikant Oliehoorn út Hoorn iepenet in twadde produksjefêstiging yn Drachten. Yn de nije fabryk sille benammen spesjaalsauzen en ferpakkingen betocht wurde. Fabrikant Oliehoorn stiet bekend om harren curry-, mayonêze en knyfloksaus.

Nei alle gedachten wurdt de fêstiging yn Drachten nei de simmer iepene. Neffens direkteur Arjen Dijk fan Oliehoorn smyt de nije fêstiging seis banen op yn Fryslân en kinne it de kommende jierren noch mear wurde. Oliehoorn sil har fêstigje yn de eardere suvelfabryk fan FrieslandCampina.

De fabrikant wol neist it produsearjen fan nije sauzen ek sûnere sauzen betinke en krijt dêrby help fan de studinten fan Van Hall Larenstein út Ljouwert. Sy sille harren rjochtsje op de sauzen dêr't gjin E-nûmers ynsitte en hoe't dizze sa effisjint mooglik produsearre wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)