Saunahut skansearre troch brân

08 jan 2009 - 11:26

In saunahut by sauna De_Woudfennen op ´e Jouwer is woansdeitejûn swier skansearre rekke troch in brân. In klant soe om healwei tsienen hinne de sauna ynrinne en seach dat der wat mis wie. Hy warskôge it personiel, dat de brânwacht belle. Dy hat it fjoer útmakke.

De sauna-hut stie yn in fiver achter it sauna-kompleks. De sauna kin net mear brûkt wurde en moat opnij boud wurde. De skea is sa´n 50 tûzen euro. De Woudfennen is wol iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)