Sauna ropt help tv yn

17 jul 2009 - 20:50

Sauna Westenberg yn Ljouwert hat de help fan de bekende sakeman Hennie van der Most ynroppen om wer rendabel te wurden. Westenberg is ien fan de âldste sauna's fan ús lân. Earder kamen der in soad klanten, mar de lêste tiid bliuwe dy fuort mei omdat de sauna ferâldere is.

Mei help fan Van der Most is de sauna yn fjouwer dagen tiid opknapt. Van der Most die dat yn it ramt fan syn televyzjeprogramma 'Operatie Van der Most'. Dat wie freedtejûn te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)