Satudarah no ek yn Drachten

01 maaie 2012 - 16:26

Motorclub Satudarah hat sûnt in moanne in ôfdieling yn Fryslân. Fryske leden fan de club hawwe in eigen 'chapter' yn Drachten oprjochte. Satudarah hat gjin bêste namme. De club wurdt yn it suden fan it lân yn ferbân brocht mei drugshannel, mishanneling, ôfparsing en wapenbesit. Yn de Noardlike regio barre gjin slimme dingen, seit Henk Kuipers fan de ôfdieling Emmen.

De ôfdieling yn Drachten is de fjirde yn it Noarden fan de motorclub. Yn Hoogeveen en Emmen sit Satudarah al langer. Yn Veendam is koartlyn ek in nij 'chapter' oprjochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)