SARheli's fleane 15.000 oeren

11 maaie 2011 - 14:21

De SAR-helikopters fan de fleanbasis Ljouwert ha 15.000 oere flein. Foar dy gelegenheid ha de trije helikopters yn formaasje boppe Ljouwert flein. In fjirde helikopter fleach mei om foto's te meitsjen.

De bekende giele helikopters wurde sûnt 1994 ûnder oare brûkt foar it rêden fan piloaten dy't boppe see har fleantúch ferlitte moatte en pasjinteferfier fan de Waadeilannen ôf. Yn 2013 wurde se, sa't it liket, oerpleatst nei fleanbasis Den Helder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)