SAR-rêdingshelikopter wer klear

11 jan 2005 - 22:27

Ien fan de trije rêdingshelikopters fan de fleanbasis Ljouwert is fan tiisdei ôf wer sa goed as wis beskikber. De trije helikopters wiene sûnt 15 desimber net mear yn de loft troch skuorren yn de motor. Mei de motor- leveransier wurdt no besjoen wat de oarsaak is fan de problemen.

De helikopters wurde ûnder mear ynset foar it ferfier fan pasjinten fan de waadeilannen nei de fêste wâl. Dy taak wurdt no útfierd troch in tydlike heli.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)