SAR-hely hellet man fan board

15 jan 2011 - 12:50

Op de Noardsee boppe It Amelân is in Filipynsk bemanningslid fan in cruiseskip freed net goed wurden. De skipper skeakele medyske help yn fan de KNRM. Dy hat de Filipynske man mei de SAR-helikopter út Den Helder fan board helje litten. Hy is nei it sikehûs fan Den Helder brocht.

De man wurke oan board fan it cruiseskip Boudicca, dat op dat stuit 25 kilometer boppe It Amelân fear. De Boudicca fart ûnder de flagge fan de Bahama's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)