SAR-helikopters noch oan 'e grûn

24 des 2004 - 15:53

De rêdingshelikopters fan de fleanbasis yn Ljouwert steane seker noch oant en mei begjin takom jier oan de grûn. De Luchtmacht docht dat om't de tastellen in mankemint ha oan de motor. Op it stuit wurdt tegearre mei de motorleveransier ûndersocht wat de oarsaak is fan de problemen.

De helikopters wurde ûnder mear ynset foar it ferfier fan pasjinten fan de Waadeilannen nei de fêste wâl. Dat wurdt no dien mei in Cougar helikopter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)