Sânwinput Aldehaske wer brûkt

28 jul 2008 - 10:51

De eardere sânwinput by Aldehaske wurdt mooglik opnij yn gebrûk naam. De gemeente hat de put ferline jier kocht en siket no in bedriuw dat him eksploiteare wol. Dat soe dan foar de kommende fiif jier wêze, dêrnei wol de gemeente opnij besjen wat der mei de put dien wurdt.

It giet noch om in foarstel fan boargemaster en wethâlders, de gemeenterie moat der noch in beslút oer nimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)