Santjinde Frysk Jeugdparlemint

29 feb 2008 - 11:43

Takom wike woansdei, tongersdei en freed wurdt yn it Provinsjehûs yn Ljouwert foar de santjinde kear it Frysk Jeugd Parlemint holden. Tsien skoallen út de hiele provinsje dogge mei en wurde fertsjintwurdige troch in groep learlingen yn de leeftyd fan fyftjin oant en mei achttjin jier.

Eltse skoalle stiet foar in politike partij. De tydlike steateleden meitsje twa dagen plannen en presintearje dy de lêste dei oan it parlemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)