Santich ynsprekkers oer wynenerzjyplannen provinsje

14 nov 2014 - 14:30

Der hawwe harren 70 ynsprekkers oanmeld foar de ynsprekbyienkomsten fan de provinsje Fyrslân oer de plannen foar wynmûnen yn Fryslân. Fanwege it grutte tal oanmeldings wurde foar de harksit mar leafst fjouwer jûnen útlutsen.

Op 17 desimber sille Provinsjale Steaten in beslút nimme oer it útstel fan Deputearre Steaten. Dat útstel foarsjocht yn wynmûnen yn de Iselmar en op de kop fan de Ofslútdyk. De harksitten binne op 17, 18, 20 en 24 novimber yn it provinsjehûs en begjinne om sân oere jûns.

Der is in soad wjerstân tsjin it foarnimmen om wynmûnen yn de Iselmar te pleatsen. Foarstanners fan wynparken op it Fryske lân binne op har beurt wer teloarsteld dat Deputearre Steaten gjin romte jouwe oan harren inisjativen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)