Santi Kolk wol net nei Cambuur

03 okt 2003 - 00:00

Oanfaller Santi Kolk fan Hearrenfean wegeret om de rest fan it seizoen foar Cambuur te spyljen. De clubs wiene it iens oer in hieroerienkomst foar de rest fan it seizoen. Kolk, dy't by Hearrenfean amper oan spyljen takomt, wol net yn 'e Gouden Gidsdivyzje fuotbalje.

Trainer De Boer fan Cambuur is teloarsteld, want hy hie Kolk tongersdei op de training ferwachte en him freed opstelle wollen tsjin VVV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)