Sânskulptueren yn Terherne

14 apr 2009 - 21:25

Yn it Kameleondoarp Terherne wurde dizze simmer sânskulptueren makke fan bylden út de Fryske alve stêden. Sânkeunstners meitsje fan bygelyks de Wetterpoarte en it Vrouwtje van Stavoren bylden fan oant seis meter heech.

Mei Himelfeartsdei sette de sânkeunstners útein, twa wike letter moat it wurk klear wêze. De bylden bliuwe oant ein augustus stean. Direkteur Siebe Kuipers hopet mei de bylden 10.000 ekstra besikers te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)