Sanquin hat wer bloed genôch

19 aug 2008 - 16:59

Bloedbank Sanquin hat wer genôch donorbloed. Begjin augustus drige troch ekstra fraach yn it Noarden krapte. Donoaren waarden oproppen om in kear faker bloed te jaan. De oprop hat fertuten dien, mar soarge ek foar krityk.

Nochal wat donoaren fine dat Sanquin hieltyd klantûnfreonliker wurket. Der soene faak lange wachttiden wêze. Ek binne guon donoaren net bliid mei de skriftlike opropkaart. Earder waarden minsken belle by in oprop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)