Sanne Vermeer út Stiens wint WK judo ûnder 18 jier

08 aug 2015 - 10:18
  • Sanne Vermeer is de bêste fan de wrâld

Sanne Vermeer út Stiens is freed wrâldkampioen judo wurden yn de klasse ûnder 63 kilogram. Op it kampioenskip foar judoka's oant 18 jier yn Sarajevo, wie se mei ippon te sterk foar Chie Sasaki út Japan.

De winst fan Vermeer is de earste Nederlânske wrâldtitel yn dizze leeftiidskategory. Foarige wike wûn se ek al brûns op it European Youth Olympic Festival yn Georgië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)