Sânklapper Jong Hearrenfean

27 aug 2012 - 21:56
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Jong Hearrenfean hat moandei de wedstriid tsjin Jong De Graafschap mei 7-1 wûn. Dy sifers binne bot fertekene. Yn de earste helte makke Daniël de Ridder it ferskil. De nije oanwinst sette mei in blok Hakim Ziyech foar de goal: 1-0. Nei de 1-1, keeper Kenny Steppe rekke yn 'e war, makke De Ridder prachtich de 2-1 en wie wer de oanjouwer foar de 3-1. Doelpunt Mark Uth. Doe't yn de twadde helte de 3-2 net foel, mar wol de 4-1 (moai skot Tobias Kainz), wie de wedstriid spile. Valpoort, opnij Uth fan alve meter en Jens Jurn Streutker makken de 7-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)