Sânklapper foar Snits

07 des 2004 - 10:16

Snits hat snein flink úthelle tsjin ATC Hengelo, de promovendus. De fuotballers wûnen mei mar leafst 7-0. Snits ferstevige dêrmei syn kopposysje yn de earste klasse F. Oant no ta hat Snits noch mar ien kear ferlern, dat wie de earste wedstriid, tsjin ... ATC.

Foar de Snitsers skoarde Age Heins Boersma trije kear. Yn totaal hat hy al 21 kear skoard. Dat is de helte fan alle Snitser goals.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)