Sânklapper foar Hearrenfean

03 jul 2010 - 21:24
  • (foto: Jan Douwe Gorter)

Sportklup Hearrenfean hat in oefenwedstriid tsjin de sneinshaadklasser Snits Wyt Swart mei 7-0 wûn. By rêst wie de stân 3-0. Mika Väyrynen makke de earste twa goals, spits Papadopulos skoarde de tredde.

Nei rêst bleau allinnich Haglund stean. Troch goals fan Fazli, Djuricic en twa fan Narsingh waard it 7-0. Der wiene in opfallend oantal spilers dy't rêst krigen of blessueres hiene: Breuer, Roorda, Bak Nielsen, Assaidi, Kruiswijk, Dost en Vandenbussche.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)