Sânkeunst by Kameleondoarp

23 jan 2009 - 12:26
  • Meikoarten ek yn Terherne; it meitsjen fan sânskulptueren

It Kameleondoarp yn Terherne hat plannen foar in ynternasjonaal projekt foar sânskulptueren. It idee is om tsien skulptueren te meitsjen fan sa´n fjouwer oant fiif meter heech.

It Kameleondoarp ferwachtet mei it projekt tûzenen besikers te lûken. Der wurdt socht om bedriuwen en ynstânsjes dy´t it gehiel stypje wolle. No woansdei is der dêrom yn de Kameleonbuorkerij yn Terherne in byienkomst oer de plannen mei in presintaasje fan de Zandacademie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)