Sânhúster bedriget plysjeman

04 nov 2004 - 11:42

In ynwenner fan Sânhuzen wie woansdei sa lulk dat er flitst waard dat er oant twa kear ta in plysjeman bedrige. De Sânhúster waard op 'e neimiddei flitst, doe't er te hurd ried by Easterwâlde. Hy bedrige dêrop de plysjeman dy't de kontrôle útfierde.

Jûns kaam er noch in kear werom op it kontrôleplak om de plysjeman op 'e nij te bedriigjen. It hat de man twa prosessen-ferbaal opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)