Sanearring yn fiskerijsektor

09 jan 2009 - 19:53
  • Fiskersboaten yn de haven fan Lauwerseach

Der driget in grutte sanearring yn de fiskerij yn Noard-Nederlân. Troch in sterke priisdaling fertsjinje de measte fiskers net mear genôch om de holle boppe wetter te hâlden. Dat seit foarsitter Tjeerd Dussel fan fiskersferiening Hulp in Nood.

Om kostendekkend wurkje te kinnen soe de priis hast ferdûbelje moatte. Neffens Dussel is dat net realistysk en dus moat der sa gau mooglik yn Europeesk ferbân praten wurde oer in grutte sanearring fan de sektor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)