Sanearingsplan Iselmarfiskers

25 nov 2003 - 00:00

Foar âldere Iselmarfiskers dy't ophâlde wolle, moat in regeling komme. Dat stiet yn in sanearingsplan dat de fiskers opsteld ha. Neffens har is it heech tiid om de fiskerij better te meitsjen om foar te kommen dat der oer tsien jier gjin Iselmarfiskerij mear is.

It plan kostet tsien miljoen euro. In grut part moat fan it ministearje komme. Fiskers út oare provinsjes moatte har noch oer it plan útsprekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)