Sanearing âlde gasterreinen

24 jan 2002 - 00:00

De provinsje Fryslân hat woansdei tsientallen miljoenen euro's frege fan enerzjybedriuw Essent. It jild is nedich foar it skjinmeitsjen fan âlde gasfabrykterreinen. Yn Fryslân binne der noch 20 fan sokke, slim fersmoarge terreinen. Essent hat tasein om nei te tinken oer de fraach fan de provinsje. Woansdei is út ein set mei sanearing fan in âld gasterrein yn Sint Anne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)