Sandor v/d Heide wer 'op 10'

16 apr 2011 - 12:33

Sandor van der Heide spilet snein wer op syn fertroude plak op it middenfjild by Cambuur. Ofrûne moandei (tsjin Den Bosch) spile de Snitser achteryn, troch in skorsing fan Gijs Luirink. De ferdediger is snein tsjin RKC wer ynsetber en dat betsjut dat Van der Heide nei foaren trochskoot.

De seleksje fan Cambuur is fierder sa goed as fit. Bob Schepers is wer hielendal fit en begjint nei alle gedachten yn de basis ten koste fan Alexander Prent.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)